Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: gearwurkje oer de grinzen mei Friezen yn Dútslân

In ‘Fryske jûn' yn Berlyn om de kulturele gearwurking fan de Friezen yn Nederlân en yn Dútslân foar it fuotljocht te bringen by de Dútske parlemintariërs.

‘Wy wolle de mearwearde beklamje fan kulturele gearwurking oer de grinzen yn Europa hinne.' Dat is it boadskip fan FNP fraksjefoarsitter Corlienke de Jong hjoed by in wurkbesite oan it Dútske parlemint yn Berlyn. In delegaasje fan de Provinsje Fryslân praat dêr mei de kommisje foar de minderheden fan de Bundestag.

  

De ‘Beauftragter der Bundesregierung für Aussiedlerfragen und nationale Minderheiten' en de dielsteat Sleeswyk-Holstein organisearje mei-inoar in ‘Fryske jûn' om de kulturele gearwurking fan de Friezen yn Nederlân en yn Dútslân foar it fuotljocht te bringen by de Dútske parlemintariërs.

 

Kulturele Haadstêd 2018

Neist in politike gedachtewiksel steane der foardrachten op it program oer kulturele saken en oer de situaasje fan de Friezen as nasjonale minderheid yn Dútslân en yn Nederlân. Ek Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 komt yn dit ferbân op it aljemint. Neist de FNP fraksjefoarsitter binne de Fryske deputearre Poepjes, NHL-lector meartaligens Alex Riemersma en it Europeesk Buro foar Lytse Talen te gast by de Fryske pommeranten en politisy út Sleeswyk-Holstein en de Bundestag.

 

Permaninte kommisje

De Bundestag hat, oars as it parlemint yn Den Haag, in aparte kommisje foar de nasjonale minderheden. Corlienke de Jong: ‘Mei sa'n permaninte kommisje hast mear omtinken as fan de Haachske kommisje BZK foar Ynlânske Saken, dy't it Frysk ‘der by docht'. Boppedat sjogge wy dat yn Dútslân de dielsteaten eins it folsleine wetjaande foech hawwe oer kultuer, taal en ûnderwiis. De susterpartij fan de FNP de SSW sit yn it dielsteatregear yn Sleeswyk-Holstein. Wy sjogge dat soks no ek echt fertuten docht foar de Frysktaligen yn dat lân. De kulturele gearwurking dy't no ûntstiet oer de Europeeske grinzen hinne is in prachtige útkomst fan de moasjes en ideeën dy't wy as FNP earder nei foaren brocht hawwe by de beslútfoarming oer Kulturele Haadstêd.'



Downloads:
Program fryske jûn berlyn

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)