Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Stipe foar FNP-moasjes op EFA-kongres 2018

Landshut (Beieren) - De moasje fan de FNP foar mear bioferskaat en earlik lean foar de boeren yn it nije Europeesk lânboubelied is unanym oannommen. Dat barde op it jierlikse kongres fan de Europarlemintspartij EFA yn Landshut (Beieren). Mei de moasje fan de FNP sille Europarlemintariërs fan de EFA no oan de slach.

Natoerynklusive lânbou

De FNP wol mei de moasje wurk meitsje fan in natoerynklusive lânbou. Dêr is net allinnich de ynset fan Fryslân en de boeren sels foar nedich, mar benammen ek fan ‘Europa'. De ynkommenspolityk foar de boeren rint foar in grut part fia ‘Brussel'. It nije EU-belied (CAP) giet yn 2020 yn. Mei troch de kritearia fan dat nije lânboubelied kin bydroegen wurde oan in goed en earlik ynkommen fan de boeren, agrarysk natuerbehear, omtinken foar bioferskaat en it lânskip. Yn de moasje stie fierder dat der gjin subsydzje komme mei foar genetyske manipulaasje.

 

Duorsume enerzjy

In oare moasje fan de FNP, om in ynternasjonale wurkgroep op te rjochtsjen foar duorsume enerzjy, hat it ek unanym helle. It giet der dêrby om dat ferskate regio's net it slachtoffer wurde fan bygelyks ekstreme gas- of brúnkoalwinning, mar dat regio's op eigen krêft selsfoarsjennend wurde kinne. 

 

Europeesk ferkiezingsprogram

Fierder hat de FNP ynstimd mei it nije Europeeske ferkiezingsprogramma fan de EFA foar 2019-2024. De EFA wol in oar Europa, dat better rekken hâldt mei de ferskate regio's en de ynwenners dy't dêr libje. Op de ALG hat de FNP ek in moasje stipe foar mear demokrasy en minskerjochten yn Turkije. Tûzenen rjochters, sjoernalisten en fertsjintwurdigers fan minderheden binne oppakt, dêr moat gau in ein oan komme.  



Downloads:
FNP-EFA 2018 moasje bioferskaat lânbou
FNP-EFA 2018 moasje taskforce energy

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)