Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: Katalaanske politike finzenen frij

Landshut (Beieren) - De FNP hat op it jierlikse kongres fan Europarlemintspartij EFA yn Landshut in resolúsje stipe tsjin it steatsgeweld en de repressy yn Spanje. Dat hâldt ûnder oare yn dat opholden wurde moat mei polityk basearre rjochtssaken, dat fûnemintele minskerjochten net mear skeind wurde, dat politike finzenen frijlitten wurde moatte en dat demokratysk keazen Katalaanske parlemintsleden wer frij nei harren lân ta reizgje kinne.

Minskerjochten 

De resolúsje wie yntsjinne troch it Katalaanske Europarlemintslid Jordi Sole i Ferrando fan de partij ERC. De FNP wiist der op dat respektearre ynternasjonale organisaasjes lykas Human Rights Watch, de UN OHCHR en Amnesty International Spanje op de fingers tikke hawwe foar it geweld en it skeinen fan basale minskerjochten. De FNP is lykas de ERC fan miening dat op koarte termyn alle Katalaanske politisy, dy't yn Spanje efter de tralys fêstsitte, frijlitten wurde moatte. Yn de eagen fan de FNP binne de 10 parlemintsleden fêstsetten foar misdieden dy't op politike grûnen betocht binne. Fierder moatte de Katalanen dy't flechte binne nei Brussel, Skotlân en Switserlân fuortendaliks de mooglikheid krije om frij wer nei harren heitelân werom te reizgjen sûnder yn te sitten oer harren takomst.

 

Dialooch oangean 

Earder (27 maart) hie de FNP ek al in brief oan de Spaanske ambassadeur yn Nederlân ta stjoerd. Direkte oanlieding foar it brief wie de flecht fan Marta Rovira, sekretaris-generaal fan de Katalaanske ERC, nei Switserlân. Sy wie benaud dat har in finzenisstraf fan tritich jier boppe de holle hinget. It kin net sa wêze dat politisy dy't troch de ynwenners keazen binne foar lange tiid yn de finzenis opsluten wurde wylst der gjin útsjoch is om in stabile oplossing. Spanje moat de dialooch mei Kataloanje oangean om út de politike ympasse te kommen. Neffens wurdfierder Sybren Posthumus ‘moat der praat wurde en moat der in ein komme oan de repressy‘.   



Downloads:
Moasje tsjin steatsgeweld
Brief oan de ambassadeur fan spanje


Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)