Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English
08-10-2017 - Waadhoeke: De gemeente Waadhoeke hat in kultuernota nedich
Trije FNP Waadhoekers wiene sneon 7 oktober by in stúdzjegearkomste mingfariëteiten yn de Aerden Plaats yn Ouwesyl, organisearre troch de Fryske Akademy. Mei om't taal en kultuer in wichtich ûnderdiel is fan it FNP ferkiezingsprogram en yn it belibben fan de FNP'ers.

29-09-2017 - Waadhoeke: FNP Waadhoeke bringt ferkiezingsprogram yn trije talen út.
It ferkiezingsprogram fan FNP Waadhoeke wurdt yn it Frysk, Biltsk en Nederlânsk útbrocht mei elk in eigen foarkant dy't stiet foar de taal en omjouwing.

24-09-2017 - Waadhoeke: "It komt wol goed mei de nije gemeente Waadhoeke"
Lykas alle jierren wie ek dit jier de FNP wer manmachtich fertsjinwurdige op de Agraryske Dagen. Ek dizze kear wer in peiling ûnder de besikers fan de merke. De fraach wie: hoe tinke jo dat ik komt mei de nije gemeente Waadhoeke?

19-09-2017 - Súdwest-Fryslân: Durk Stoker fan Koudum listlûker FNP-Súdwest-Fryslân
Op tiisdei 12 septimber stimden de leden fan de partij yn Nijlân manmachtich yn mei it program.

02-06-2017 - Ljouwert: Parseberjocht kandidatenlist FNP Ljouwert
OP 31 maaie is troch de Algemiene Lede Gearkomste fan de FNP Louwert, Ljouwerteradiel en Littenseradiel-Noard de kandidatelist foar de ferkiezings fan 22 novimber 2017 troch stimming fêststeld. Der wiene 86 leden op dizze gearkomste in Hotel Duhoux yn Wurdum.

25-05-2017 - Ljouwert: Parseberjocht ferkiezingsprogram FNP Ljouwert
It ferkiezingsprogram foar de gemeenteriedferkiezings fan 22 novimber 2017 fan de FNP Ljouwert is fêststeld. Yn dit parseberjocht stean spearpunten út it program.

15-05-2017 - Frjentsjerteradiel: Ofslúting FNP ôfdieling Frjentsjerteradiel
Op 10 maaie hat de lêste gearkomste fan FNP Frjentsjerteradiel west. We hawwe as bestjoer, fraksje en leden mei inoar werom sjoen yn de tiid. Sintraal dêrby stie dat elts him sa thús fielde, de noflike sfear en de iepenheid wêrmei’t ek ferskillen fan miening besprutsen wurde koenen. Der waard dan ek de hoop útsprutsen dat we dit trochsette sille yn de nije ôfdieling FNP Waadhoeke.

26-04-2017 - Waadhoeke: Tsjûchskriften kursus Bildts foar niet-Biltdstaligen útrikt oan riedsleden
Woansdei 25 april '17 binne op de jiergearkomste fan de Stichting Ons Bildt tsjûchskriften útrikt oan de riedsleden fan de FNP Frjentsjerteradiel en FNP Menameradiel.

20-04-2017 - Waadhoeke: FNP Waadhoeke ferbynt
Foar it gemeentebestjoer binne de doarpsbelangen en streek- en/of wykbestjoeren it earste oansprekpunt. Sy hawwe in koördinearjende rol yn har buert of doarp.
Dêrneist wolle wy as FNP de ynwenners útdaagje en romte jaan om mei nije inisjativen oan de slach te gean.
De macht oer de oerheid is fan it folk.

12-02-2017 - Jan Dijkstra listlûker FNP Waadhoeke
By de earste FNP Waadhoeke gearkomste, wêr’t ek de leden fan de Frije Bilkerts by wienen, is Jan Dijkstra (Hitsum) keazen ta listlûker foar de weryndielingsferkiezings op 22 novimber 2017. Dijkstra sit no 12 jier foar de FNP yn de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel wêrfan 8 jier as fraksjefoarsitter.

20-09-2016 - FNP Waadhoeke hellet aksjepunten op
Lykas wenst wie de FNP (dizze kear mei de riedsleden fan Frjentsjerteradiel en Menameradiel) tegearre mei de Frije Bilkerts, wer de hiele dei oanwêzich op de Agraryskje Dagen yn Frjentsjer om mei it publyk te praten oer saken dy’t har dwaande hâldt.

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)