Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English
18-10-2017 - FNP wol legere behearskosten Frysk finansieringsfûns FOM
De FNP wol dat de organisaasje dy’t skielk it behear docht fan de Fryske ûntwikkelingsmaatskippij (de FOM) in legere fergoeding krijt fan de provinsje Fryslân. Ynstee fan maksimaal 5% oer it ynleine fermogen moat der in fergoeding fan maksimaal 3% wêze. De Steatefraksje fan de FNP bringt dat woansdei yn in moasje nei foaren.

11-10-2017 - FNP stelt fragen oer tekoart oan húsdokters
Nei oanlieding fan in berjocht yn de LC fan 4 oktober oer it tekoart oan húsdokters yn Ljouwert en ynkoarten yn hiel Fryslân, stelt de FNP skriftlike fragen oan it kolleezje. It liket der op dat, as it kolleezje gjin aksje ûndernimt, op ferskate plakken yn Fryslân op koarte termyn gjin húsdokterssoarch mear foarhannen is. De FNP sprekt har noed en soarch hjir oer út en ropt it kolleezje op it sinjaal, wat ôfjûn is om Fryslân te promoaten om foldwaande húsdokters te hâlden, daliks op te pakken.

22-09-2017 - FNP fragen oer befoardering Fryske Literatuer
Wurdt it literêre fjild no belutsen by takomstige promoasje fan Fryske boeken? Hoe stiet it mei it plan fan de Afûk foar in nij promoasje- en ferkeapplan? Komt der noch wer in Frysk boekefeest? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjir skriftlike fragen oer oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

15-09-2017 - FNP: fragen oer stedsstrân Ljouwert
Wat is it effekt fan de provinsjale subsydzje foar it stedsstrân fan Ljouwert? En hoe stiet it no echt mei de wetterkwaliteit fan de Potmarge? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjir skriftlike fragen oer oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

01-09-2017 - Fyzje nedich op in duorsum enerzjybelied
Klaas Fokkinga en Henk de Vries - De provinsje Fryslân arbeidet mei ferskate gemeenten oan in ‘Fryske enerzjy stratezjy'. In poerbêst plan om taret te wêzen op de jierren nei 2020. Mar der is mear nedich foar in duorsum enerzjybelied.

14-08-2017 - FNP: Brok nei topoerlis Friesenbrücke yn stee fan Paas?
Lit de Fryske kommissaris fan de Kening Brok oanskowe by it topoerlis 28 augustus yn Bonn oer it weropbouwen fan de Friezenbrücke oer de Ems. Dat stelt de FNP út no't it der op liket dat de Grinzer kommissaris Paas net beskikber is dy deis fanwegen de fiering fan Gronings Ontzet.

21-07-2017 - Kâns net slûpe litte op oankeap natuergrûn Achtkarspelen
De Provinsje moat syn foarrangsposysje opeaskje by de oankeap fan perselen foar nije natuer yn Achtkarspelen-Súd. Dat wol steatelid Wopke Veenstra fan de FNP berikke mei skriftlike fragen oan Deputearre Steaten. Oanlieding is de frije ferkeap fan oerbleaune perselen yn it gebiet troch it Ryk .

19-07-2017 - Hannen ôf fan Schilkampen
De FNP en de Partij voor de Dieren wolle net dat der in fargeul dwers troch natuergebiet Schilkampen yn Ljouwert oanlein wurdt. In gebiet hat in grutte rykdom fan fûgelsoarten en der húsmannet in grutte koloanje fan briedende kobben (kokmeeuw). Dat makket it gebiet unyk yn de stêd.

14-07-2017 - FNP wol opbringsten ferkearskontrôles brûke foar ferbetterjen feiligens
De FNP wol dat it jild dat fertsjinne wurdt mei trajektkontrôles en flitspeallen op provinsjale Fryske diken net ferdwynt nei Den Haach. Yn de eagen fan de FNP soenen de opbringsten fan dy ferkearskontrôles krekt ynvestearre wurde moatte yn de feiligens fan de eigen provinsjale wegen. De systematyk om mei ferkearskontrôles de steatskas te spekken moat ophâlde, fynt de Steatefraksje.

11-07-2017 - FNP: ynternasjonale oanpak guozzeskea
De oanpak fan de guozzeskea moat op de lange termyn komme troch ynternasjonale gearwurking. Spesifike maatregels foar de winterguozzen binne dêrby foar Fryslân it wichtichste. Dat stelt de fraksje fan de FNP mei in moasje yn Provinsjale Steaten.

26-06-2017 - Steatefraksje FNP komt mei moasje stipe Alde Fryske Tsjerken
De Stifting bepleitet al jierren om de subsydzje meigroeie te litten mei it tal tsjerken, leit direkteur Gerhard Bakker út. "It tal tsjerken is mei 25% groeid, mar de subsydzje is gelyk bleaun. Dat begjint hieltyd mear te knipen. Wy binne dan ek bliid mei it inisjatyf fan de FNP."

22-05-2017 - FNP wol opheldering oer tekoart 11 miljoen Waddenglas
De FNP is der min oer te sprekken dat sa’n grut tekoart yn in bylage by de Jierrekken fermeld wurdt. Benammen ek as sjoen wurdt nei de grutte fan it bedrach. ‘Wie de ynformaasje net earder bekend by it Kolleezje fan DS?

11-05-2017 - Minder rompslomp foar subsydzjes biologyske lânbou
De biologyske en grûnbûne lânbou moat net minder kâns meitsje op Europeeske subsyzjes as ‘gongbere' oanfragen, sa stelt de FNP. De Steatefraksje hat oanwizingen dat dit net goed rint mei de saneamde POP-3 jilden fia it SNN. De fraksje wol middels skriftlike fragen opheldering fan deputearre Kramer.

09-05-2017 - Corlienke de Jong: ‘Soad binnen helle foar FNP by Kadernota'
De Steatefraksje fan de FNP is dik tefreden oer de provinsjale Kadernota foar de Begrutting 2018 dy't hjoed presintearre is. In soad fan de punten dy't de FNP ynbrocht hat kinne no fersulvere wurde.

08-05-2017 - FNP: N359 Westergoawei fertsjinnet feilige oplossing
Wat is der te rêden mei de lêste trije tunnels dy't yn de N359 tusken Boalsert en Wommels tasein binne? De FNP wol dat deputearre Poepjes Provinsjale Steaten streekrjocht op de hichte stelt fan de tûkelteammen mei plenning en finânsjes. De FNP hat skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten oer de kwestje.

Argyf

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)