Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Steatefraksje op wurkbesite by Jeugd Dûnsoplieding

In delegaasje fan de FNP Steatefraksje hat op wurkbesite west by de JDOF, Jeugd Dans Opleiding Friesland. De dames Grietine Molenbuur, artistyk lieder, en Lily Lanser, saaklik lieder, wiene tige bliid mei de besite fan de FNP’ers. De JDOF is sûnt 1,5 jier fêstige yn Neushoorn, yn it sintrum fan ús Haadstêd.

'Wat in passy en talint yn ús Provinsje !' 

De JDOF ûntfangt jierliks in bydrage fan de Provinsje fan 40.000 Euro. It measte fan dit jild giet op oan personielskosten, en hja moatte it alle jierren wer ferantwurdzje kinne en opnij oanfreegje. Molenbuur:”Lily en ik steane foar 5 oeren op papier mar wy binne hjir fansels folle mear”.

De JDOF is een profesjonele dûnsopleiding foar jong talint út Fryslân fan 12 oantemei sa’n 18 jier âld. De studinten dûnsje neist harren deistige skoalle 9 oeren yn de wike. Dêrby jout de groep ek foarstellingen; yn juny sille sy de foarstelling “News” yn de Harmonie fan Ljouwert sjen litte. Fan út de JDOF kinne studinten trochstreame nei in berops dûnsopleiding of kinne se studearje om dosint dûns te wurden. It nivo by JDOF is heech, der wurdt in soad ynset en talint fan de famkes en in pear jonges frege.

De FNP Steatefraksje fûn it in nijsgjirrige wurkbesite, de dûns yn Fryslân is in keunstfoarm dy’t net bot yn de “picture” stiet en dat soe oars moatte.



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)