Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP en CDA: brûk tafaller Ofslútdyk foar ferbreedzjen slûs Koarnwertersân

Okkerdeis die bliken dat der in tafaller is fan 81 miljoen by de oanbesteging fan it wurk oan de Ofslútdyk. Steateleden Johan Tjalsma (CDA) en Klaas Fokkinga (FNP) tsjinje in moasje yn.

Slûs Koarnwertersân Se freegje in oantrún by it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat om dit jild te besteegjen oan it ferbreezjen fan de slûs op Koarnwertersân en de fernijing fan de steuringsgefoelige brêgen.
                                         
Ekonomyske kânsen
 Tjalsma: "De slûs by Koarnwertersân hat beheinde ôfmjittingen (14 meter) sadat guon skippen no net troch de slûs kinne. Noard-, East- en Midden-Nederlân rinne dan ek grutte kânsen en opdrachten mis. It ferbreedzjen fan de slûs oant in breedte fan 25 meter jout ekonomyske kânsen oan de regio, tink oan de werf fan Makkum.". "As it oanbestegingsfoardiel beskikber bliuwt, dan kin de winske oanpak fan de ferkearsbrêgen by de slûs ek earder barre" follet Fokkinga oan. "Oplossen fan de hieltyd werom kommende stremmingen yn dizze nasjonale ferbining hat ek in posityf effekt op de ekonomy."
                               
Ek budzjet út de regio
De provinsje Fryslân hat al earder oanjûn dat der jild beskikber is foar it ferbreedzjen fan de slûs. Dêrnjonken is der út it Ryk wei jild beskikber om regionale knyppunten op te lossen. Fokkinga en Tjalsma: "Sels it bedriuwslibben yn de regio wol ek in stientsje bydrage. As wy dit optelle by de tafaller fan 81 miljoen, moat der neffens ús in wize te finen wêze om de brede slûs te realisearjen." Wy sjogge hiel graach dat de deputearre in sterk sinjaal oan de minister jout.



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)