NIJS   06-07-2012


FNP wurkbesite NHL CMD Multimedia - Serious Gaming

Fryslân hat ferlet fan kreativelingen !

In tige ynspirearjend yn ‘e kunde kommen mei it nije stúdzjelânskip fan de NHL yn Ljouwert. Dat wie de miening fan de Steatefraksje en de riedsfraksje fan de FNP nei in wurkbesite oan de oplieding Communication & Multimedia Design, koartwei CMD.

 

NHL multimedia 21 jun 2012 017

 Taco Jan Osinga en Harry Zengerink jouwe útlis

 

 

Underwiiskoördinator Taco Jan Osinga en ôfdielingshaad CMD Harry Zengerink lieten de grutte betsjutting fan dizze oplieding sjen, dy't rûnom yn it lân bekend is. Der binne ûnderwilens in 900 studinten CMD, dy't yn in grut ferskaat oan kreative en ûndernimmende beroppen oan it wurk slagje. By de bedriuwen dy't as spin-off ûntsteane yn Ljouwert, binne peareltsjes, dy't eins fierstente min omtinken fan de polityk krije.

 

NHL multimedia 21 jun 2012 009 

Utllis oer in tapassing fan Serious Gaming yn de sûnenssoarch

 

 

Foar de FNP is (takomstich) ûndernimmerskip fan de studinten, it brûzjende studintenlibben en it bloeien fan in kreatyf klimaat yn Ljouwert tige wichtich. Wy sjogge dat der fan alles om hinne ûntstiet, dat soarget foar in oanloklik wen- wurk en leefklimaat yn de haadstêd fan ús provinsje.

 

NHL multimedia 21 jun 2012 016 

De ‘kreative' seal fan de studinten CMD

 

 

De FNP wol dat serious gaming en de multimedia in folle prominenter plak krije yn de Nota Ekonomy fan de Provinsje. It belied moat net allinnich basearre wêze op de grutte bedriuwstakken en jildstreamen út it ferline, mar op wat yn de takomst nedich is om ús ekonomy sterk en divers te meitsjen. Fryslân hat ferlet fan kreativelingen !

 

NHL multimedia 21 jun 2012 019 

 FNP Riedslid Pier Tilma

 

 

NHL multimedia 21 jun 2012 021a 

 Yn it stúdzjelânskip fan de NHL

 

 

NHL multimedia 21 jun 2012 012 
Betankje mei it ferneamde kistje fan de Steatefraksje

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer