Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Minority SafePack Initiative

Tekenje no it Europeeske Boargerinisjatyf en stypje dêrmei de lytse talen yn Europa.

Minority Safepack Initiative

50 miljoen sprekkers fan in minderheidstaal yn Europa. 

Op tiisdei 26 septimber 2017 is yn Brussel en yn Ljouwert in hantekenaksje foar it Europeesk boargerinisjatyf ûnder de namme Minority SafePack Initiative (MSPI) fan start gien. Dy aksje hat as doel om foarinoar te krijen dat minderheden mei minderheidstalen yn Europa mear omtinken krije en better beskerme wurde. Der binne yn Europa sa'n 50 miljoen minsken yn in grut ferskaat oan lannen dy't in minderheidstaal prate. Dêr hearre de Friezen ek by. Wy drage dus by ta it taalkundige en kulturele ferskaat yn Europa. Mei-inoar wolle wy de takomst fan de Europeeske Uny stal jaan, in takomst wêryn't net allinnich offisjele talen of dominante kultueren derta dogge, mar dêr't ek rekken yn holden wurdt mei taalminderheden.

 

Stypje de lytse talen yn de EU

Dêrfoar is it Minority SafePack Initiative opset, dêr't de Europeeske Uny mei oantrune wurdt om lytse talen lykas it Frysk te stypjen, fûnsen beskikber te stellen foar regionale gearwurking en de rjochten fan taalminderheden yn de EU fuort te sterkjen. Dat wolle wy graach en dêrom wolle wy ús 19.500 hantekeningen helje. Dogge jo mei?

 

Tekenje no 

Hoe tekenje? Digitaal: Minority Safepack Initiative > EU member states > formulier ynfolje

 

Doch mei!

Wachtsje net, want de tiid driuwt!

Op 3 april 2018 moatte wy yn Nederlân op syn minst 19.500 hantekeningen sammele hawwe.




Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)