Deputearre Johannes Kramer


Ik bin Johannes Kramer, ik bin 51 jier âld en wenje mei Christina en ús fjouwer bern, Tsjits, Gooitske, Gerrit en Arjen yn Sibrandabuorren.

 

 



De ôfrûne 8 jier ha ik my as deputearre út namme fan de FNP fan en foar Fryslân hurd ynsetten foar ús mienskip. Us natuer en ús lânbou bin tige wichtich foar ús provinsje. Dat is ús griene goud dat wy beskermje en fersterke moatte. Ek it OV is wichtich foar de mienskip, de skoalbern en de minsken sûnder auto. Ik ha my ynset om de berikberens fan ús provinsje, sawol nei Fryslân as binnen de provinsje oerein te hâlden en better te meitsjen. In leefber plattelân is in spearpunt foar my en de FNP. Troch it Iepen Mienskipsfûns hawwe wy hûnderden projekten fan ûnderop mooglik meitsje kinnen.

 

Fansels wol ik my graach ek de kommende fjouwer jier fûleindich foar ús Fryske mienskip ynsetten bliuwe. Mei jo stipe moat dat slagje!




2019 FNP Fryslân - Disclaimer